Animo foar ûnderdaklokaasje

23 okt 2004 - 13:53

Al 150 asylsikers ha har opjûn foar in plak yn de 'ûnderdaklokaasje' foar útprosedearre asylsikers. Dat komt yn it eardere AZC yn Ljouwert. It giet om minsken dy't frijwillich út Nederlân geane. Yn Ljouwert krije se acht wiken de tiid om de reis te regeljen.

De ûnderdaklokaasje is der kaam op fersyk fan gemeenten yn hiel Nederlân sadat útprosedearren net op strjitte komme. Begjin novimber wurde de earste tydlike bewenners ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)