Animo foar kursus reanimearjen

23 des 2011 - 09:50

It tal minsken dat him oanmeld hat foar de kursus reanimearjen fan De Friesland stiet no al op goed 2300. De syktekostefersekerder sprekt fan in súkses. De Friesland wol takom jier minimaal 3000 minsken reanimearjen leare.

Op dit stuit krijt persoaniel fan de fersekerder de kursus, takom jier begjinne de lessen foar oaren. Ek út bedriuwen en skoallen wei is belangstelling toand foar de kursus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)