Animo foar frijwilligerswurk

09 mrt 2009 - 11:03

Fryske frijwilligerssintrales fernimme of ferwachtsje in taname fan de fraach nei frijwilligerswurk troch minsken dy har baan kwytrekke binne. De sintrale yn Drachten bygelyks hat de ôfrûne wiken hast de helte mear oanfragen foar wurk krigen as oars.

De measte minsken dy't har oanmelde, wolle net thús sitte en frijwilligerswurk dwaan as oerbrêging nei in nije baan. It oanbod fan ûnbetelle wurk is grut en nimt ek wat ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)