Animo foar berikberens stêd

03 feb 2011 - 22:15
  • Belangstellenden krije útlis fan projektdirekteur Durk Bergsma

In lytse 100 minsken binne tongersdei ôfkaam op de ynformaasjejûn fan de gemeente Ljouwert, de provinsje en Rykswettersteat oer de berikberens fan Ljouwert. Op dizze ynrinjûn waarden alle projekten presentearre dy't de berikberens ferbetterje moatte. It giet dan û.o. om de Heak om Ljouwert en de feroaring fan it Drachtsterplein en de Werpsterhoeke.

Der wiene benammen in soad fragen oer de nije rûtes dy't daliks folge wurde moatte om de stêd yn te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)