Animal Inside Out lûkt 40.000 besikers nei Natuermuseum

11 des 2015 - 14:06

De eksposysje Animal Inside Out yn it Natuermuseum yn Ljouwert hat oant no ta 40.000 besikers lutsen. De famylje Wiegersma út De Westereen wie freed de 40.000-ste besiker. Yn it foar waarden der tusken de 40.000 en 50.000 besikers ferwachte.

De tentoanstelling fan tal fan ferstoarne, konservearre bisten dy't minsken ûnder de hûd sjen kinne, rint noch oant en mei 3 jannewaris. It koste twa ton om de tentoanstelling nei Ljouwert te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)