'Angelders goed foar ekonomy'

07 mrt 2006 - 11:12

De toeristyske sektor yn Fryslân ûnderskat it belang fan de sportfisker. Neffens betsjoerslid Klaas van der Meulen fan de Angelsportfederaasje kin der folle mear dien wurde foar dy groep. Van der Meulen sei dat moandei by de presintaasje fan in nije angelkaart.

Yn Fryslân binnne alle jierren sa'n 100.000 sportfiskers aktyf. Dy groep is goed foar in omset fan 26 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)