Anema:soad betrouwen yn Jorrit

07 feb 2014 - 14:30
  • Jillert Anema en Jorrit Bergsma yn Sotsji

Coach Jillert Anema hat der alle betrouwen yn dat Jorrit Bergsma sneon in goeie rit ride sil op de 5 kilometer. Freed waard de lotting foar de 5 kilometer bekend makke. Jorrit Bergsma komt yn de alfde rit yn aksje. Ien rit earder stiet Sven Kramer oan de start. Kramer hie leaver yn de lêste rit ride wollen, wylst Bergsma leaver wat earder fan start gien wie.

Neffens coach Jillert Anema is de 5 kilometer in ôfstân om 'folle bak' te gean en sil Bergsma syn rit net yndiele neffens de tiid fan Kramer. Bergsma is goed yn foarm, seit Anema.

Oer de winnende tiid wol Anema gjin útspraken dwaan. Sven Kramer komt yn de tsiende rit yn aksje tsjin de Amerikaan Jonathan Kuck. Fuort dêrnei stiet Jorrit Bergsma oan de start mei de Noar Sverre Lunde Pedersen. Jan Blokhuijsen treft yn rit 12 de Belch Bart Swings. De 5 kilometer wurdt ôfsletten troch de Dútser Patrick Beckert en de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)