Anema: Icedôme ûnbetrouber

12 apr 2014 - 13:22
  •  Reedrydcoach Jillert Anema

Reedrydcoach Jillert Anema fynt de inisjatyfnimmers fan de nije iisbaan Icedôme yn Almere net betrouber. Dêrom soe de KNSB dêr net fierder mei gean moatte. Neffens Anema hat Icedôme genôch tiid han om de plannen finansjeel foarinoar te krijen. Dat dat net slagge is foar de uterste datum 1 april, seit genôch. Anema fynt de hiele striid om it projekt hinne net goed foar de reedrydsport.

Icedôme waard troch de KNSB en NOC*NSF keazen ta iisstadion mei de topsportstatus, boppe de plannen fan Thialf en it Transportium yn Zoetermeer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)