Andriesen wol Hûs fan Europa

03 feb 2007 - 11:01
  • Anita Andriesen

Der moat yn Ljouwert in Hûs fan Europa komme. Dat wol PvdA-listlûker Anita_Andriesen. Yn it Hûs fan Europa kinne minsken telâne foar ynformaasje oer Europeeske projekten.

Wat Andriesen oanbelanget moat yn it Hûs fan Europa foaral omtinken jûn wurde oan de Fryske taal en kultuer, it plattelânsbelied en duorsume enerzjy. It idee foar it Hûs fan Europa komt fan europarlemintariër Schuurman-Hess fan de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)