Andriesen persoanlik betocht

08 des 2008 - 16:10

De woansdei ferstoarne deputearre Anita Andriesen is moandei op persoanlike wize betocht yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. By de betinking waard sprutsen troch ûnder oare Kommissaris John Jorritsma en troch Sicko Heldoorn, de foargonger fan Andriesen as deputearre.

De betinkingstsjinst waard folge troch sa'n tûzen minsken yn de Grutte Tsjerke, it Frysk Natuermuseum en de Waalske Tsjerke. De tsjinst waard ôfsletten mei it Frysk folksliet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)