Andriesen lilk de seal út

08 apr 2004 - 00:00

Yn it Provinsjehûs wie woansdeitejûn opskuor. Deputearre Andriesen stapte op de gearkomste fan de steatekommisje oer it nije streekplan fan Fryslân lilk de seal út. Sy wie neffens eigen sizzen rekke troch de opstelling fan de VVD dy't it plan ûnderút helle.

It Streekplan Fryslân jildt foar de kommende tsien jier. It jout ûnder oare oan wêr't boud wurde mei en wêr't yndustry komme mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)