Andriesen krijt parsepriis

05 nov 2005 - 17:30

Deputearre Anita Andriesen (PvdA) krijt dit jier de Fryske Parsepriis. Dy priis wurdt alle jierren útrikt troch de Fryske ôfdieling fan it sjoernalistefakbûn NVJ.

Andriesen krijt de parsepriis om't se de media altyd wol te wurd stean wol. Dêrby is se neffens de sjuery earlik en rjocht-troch-see. De priis wurdt nije wike sneon útrikt op it tradisjonele parsebal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)