Andriesen ek by manifestaasje

22 mrt 2008 - 12:16

Deputearre Anita Andriesen demonstrearret sneon mei tsjin rasisme by in grutte manifestaasje yn Amsterdam. Se fielt har net oansprutsen troch de oprop fan CDA-steatelid Rendert Algra.

Dy woe dat kommissaris Nijpels him distansjearre fan syn oprop om sneon net te demonstrearjen tsjin Geert Wilders. Op de manifestaasje op de Dam wurdt sneon protestearre tsjin de diskriminearjende teksten fan Wilders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)