Andries wol trochgean mei BB

08 jan 2002 - 00:00

BB-Andries wit fan gjin ophâlden. De 24-jierrige Drachtster wol meidwaan oan in nij Big Brother-avontuer yn it bûtelân. Andries wûn net de haadpriis, mar wol in nije auto en 75 tûzen gûne.

Weromkomme op it Drachtster Lyceum as learaar Nederlânsk sit der foarearst net yn. Miskien wurdt it noch wat mei syn muzykkarriêre, want Andries sjongt net ûnfertsjinstlik yn 'e band Kelvin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)