Andries Noppert nei NAC Breda

27 maaie 2014 - 16:20
  • Andries Noppert

Keeper Andries Noppert fan De Jouwer hat in kontrakt foar twa jier mei in opsje foar noch in seizoen tekene by NAC Breda. De 20-jierrige keeper komt oer fan SC Hearrenfean, dêr't er sûnt 2005 yn alle jeugdalvetallen spile. It earste alvetal helle Noppert lykwols net. By NAC treft hy earste keeper Jelle ten Rouwelaar, ek fan De Jouwer.

Boppedat sil Noppert dêr wurkje mei keeperstrainer Albert van der Sleen, dy't takom seizoen ek de oerstap fan SC Hearrenfean nei Breda makket.

Neffens technysk direkteur Graeme Rutjes fan NAC wurdt Noppert helle foar de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)