Andries de Jong bedrige

10 apr 2004 - 00:00

Direkteur Andries de Jong fan it FEC fielt him bedrige. Hy wurdt útskolden troch minsken dy't it der net mei iens binne dat er de foarkar jout oan Domino Day yn plak fan Indoor Fryslân. Firma Endemol is benaud foar oerlêst.

Domino Day en Indoor Fryslân soene op 12 novimber tagelyk hâlden wurde yn it FEC. Indoor Fryslân giet no lykwols mooglik dochs troch. De eigner fan it eardere Hynstesintrum yn Drachten hat oanbean om it evenemint dêr te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)