Andrea Deelstra tred yn Gilze

01 mrt 2009 - 17:45

Andrea Deelstra fan AV Hearrenfean hat it brûns wûn by it Nederlânsk kampioenskip fjildrinnen yn Gilze Rijen. De rin waard mei oermacht wûn troch Miranda Boonstra út Nijmegen.

Selma Borst fan Castricum kaam op ien minút fan de winner oer de streek. Tsien tellen dêrnei kaam Deelstra oer de finish. Fries om utens Erik Negerman kaam by de manlju as tsiende oer de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)