Andjelic bliuwt by Flyers

11 apr 2007 - 14:04
  • Andjelic makket him drok op de bank (foto Martin de Jong)

Alex Andjelic bliuwt coach by de iishockeyploech Vadeko Flyers. Dat hat hy tasein yn in petear mei de foarsitter en de technysk manager. It bestjoer fan de Flyers is tige bliid mei it beslút fan de coach om langer oan te bliuwen.

Andjelic kaam ein desimber by de Flyers en soarge der foar dat de iishockeyers fan It Fean dochs noch serieus meidwaan koene foar de titel. Dy gie úteinlik nei Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)