Anderson nei ferlies Fryske derby: "Dit is gewoon klote"

01 nov 2015 - 18:07

Cambuur-trainer Henk de Jong wie snein swier teloarsteld yn syn ploech nei it 2-0 ferlies yn de Fryske derby tsjin SC Hearrenfean. De Jong fûn dat syn ploech net spile sa't Cambuur altiten die: oanfallend en mei lef. Tsjin Hearrenfean spilen de Ljouwerters eangstich en sûnder inisjatyf.

Foppe de Haan dêrtsjinoer wie tige tefreden oer syn ploech. Der mankearre neat oan de oerwinning, fûn er. "We spilen kompakt en as we de bal hienen, koenen we der fluch útkomme."

Ek de spilers fan Hearrenfean wienen tefreden nei de winst. "Vanaf de eerste minuut gingen we er vol voor", sei oanfierder Joey van den Berg.

Foar Lucas Bijker, dy't yn de simmer oerkaam fan Cambuur, wie it ekstra spesjaal om mei SC Hearrenfean de derby te winnen. "Dit geeft wel wat extra. Al was het wel even wennen. Ik moest oppassen dat ik de bal niet naar het verkeerde shirt speelde", sei er laitsjend.

Cambuur-ferdigener Djavan Anderson feroarsake in penalty en stapte nei ôfrin swier teloarsteld fan it fjild. "Wij zijn afgetroefd op strijd en durf. Dit is gewoon klote."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)