ANBO: Utspraak hat mooglik gefolgen foar 100 oare gemeenten

09 des 2014 - 12:23

Gemeenten binne warskôge om nochris goed te sjen nei it skrassen fan húshâldlike help. Dat seit âldereinorganisaasje ANBO yn reaksje op de útspraak fan de rjochter, dy't tiisdei bepaalde dat in âlder stel út Dantumadiel foarearst rjocht hâldt op help.

De gemeente Dantumadiel hie yn in brief meidield dat de fergoeding foar it stel skrast waard. In petear mei it pear hie der net west. De útspraak hat mooglik gefolgen foar sa'n 100 oare gemeenten, dy't minsken ek in brief stjoerd hawwe mei de meidieling dat harren fergoeding stopset wurdt.

Neffens de rjochtbank kin in gemeente sa'n beslút pas nimme nei 1 jannewaris, as de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning fan krêft is. Dan noch kin it skrassen net plakfine sûnder goed oerlis mei de minsken dy't de fergoeding krije.

De ANBO krijt alle dagen meldings binnen fan minsken dy't yn de problemen komme trochdat se gjin húshâldlike help mear krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)