ANBO lilk oer tillefoantsjes oer WMO

06 feb 2015 - 15:15

Aldereinorganisaasje ANBO is lilk oer de wize wêrop't gemeenten yn Noardwest-Fryslân de âlderen yn harren gemeente op de hichte bringe fan it ophâlden fan harren thússoarch. Dat dogge se mei in tillefoantsje. "Deze gang van zaken is totaal niet zoals de nieuwe Wet Maatschappelijke Ondersteuning bedoeld is", seit wurdfierder Berend Henk Huizing. Yn de wet is opnaam dat in gemeente ûndersyk dwaan moat nei de persoanlike situaasje. Huizing lit witte dat de ANBO útsiket oft sa'n tillefoantsje juridysk wol mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)