Analyze dossier-Vaatstra klear

07 jul 2008 - 10:09
  • Marianne Vaatstra

It team fan plysje en justysje dat it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra tsjin it ljocht hâlden hat, is klear. De analyze fan it ûndersyk is oanbean oan it Iepenbier Ministearje. It famke waard 9 jier lyn dea fûn yn de greide by Feankleaster.

Alle dossiers fan de moard binne neist inoar lein. Der is sjoen oft der mei de techniken en kennis fan no mear dúdlik wurde kinne soe oer de moard. Justysje sil no sjen oft der nij ûndersyk nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)