Amy Graham wint GP Drachten

13 jan 2013 - 18:45
  • Grutte Priis fan Drachten

De Australyske springruter Amy Graham hat sneintemiddei de Grutte Priis fan Drachten wûn. Dat is wichtichste priis tidens it Internationaal Concours Noord-Nederland yn Drachten. Graham makke gjin fouten en ried tidens de barraazje it parkoers yn 33.31 tellen. Dat wie 0.07 tellen rapper as Robert Vos.

Graham rydt op Bella Baloubet en nimt rom 10.000 euro mei nei Australië. De Belg Patrick Spits einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)