Amtners SWF op kursus Frysk

24 sep 2011 - 15:32
  • Boargemaster Apotheker sprekt op it Reaklif (foto's: Andries Bakker)
  • It publyk by de 66ste Warnsbetinking

De gemeente Súdwest-Fryslân wol 80 fan de 800 amtners op koarte termyn op kursus Frysk stjoere. Dat hat boargemaster Apotheker sneon sein by de 66ste betinking fan de Slach by Warns. Sintraal stie diskear it Frysk by in gemeentlike weryndieling.

Dit nei oanlieding fan ôfspraken dy't ryk, de provinsje en de nije gemeente Súdwest-Fryslân ferline jier makken. Deputearre Jannewietske de Vries, dy't ek op it Reaklif spruts, is wiis mei it inisjatyf fan Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)