Amtners Nijefurd faak bedrige

10 aug 2009 - 15:48

Ien op 'e fiif amtners fan 'e gemeente Nijefurd hat lêst fan bedrigings. Bytiden wurde se sels slein. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de gemeente ûnder de eigen meiwurkers hâlden hat. De gemeente is der bot fan skrokken.

It giet om meiwurkers fan 'e publyksbaly, meiwurkers fan de bûtentsjinst, mar ek om minsken fan 'e jiske-auto. Nijefurd nimt no maatregels. Der wurdt altyd oanjefte dien en meiwurkers wurde traind om mei geweld om te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)