'Amtners net yn steaten'

29 nov 2012 - 20:36
  • Tjeerd van der Zwan

Amtners, wethâlders en riedsleden moatte net aktyf meidraaie yn de provinsjale polityk. Dat fynt boargemaster Van der Zwan van Hearrenfean, foarsitter fan de Feriening fan Fryske Gemeenten.

Op dit stuit sitte der ferskate minsken yn provinsjale steaten dy't dêrneist in funksje hawwe by ien fan de Fryske gemeenten. Neffens Van der Zwan is dat in grut probleem om't se as steatelid mei beslute oer provinsjale subsydzjes en projekten dy't effekt hawwe op harren eigen gemeente en funksje.

Op ynternet is in fûle diskusje útbrutsen oer de dûbelfunksjes nei oanlieding fan de nije baan fan VVD-steatelid Franke Doting. Hy wurdt wethâlder yn de gemeente Landsmeer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)