Amtners net sûn genôch

28 apr 2009 - 22:51
  • Amtners Dantumadiel binne net sa sûn

De amtners fan de gemeente Dantumadiel moatte mear omtinken jaan oan harren sûnens. De gemeente hat in sûnensûndersyk dien ûnder 117 amtners en de resultaten falle ôf.

De amtners smoke en drinke tefolle en binne faak ek noch te swier. Dêrom sil de gemeente se tenei helpe by it ophâlden mei smoken of kinne se mei kollega's sporte. De gemeente wol in tal kursussen en sporten oanbiede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)