'Amtners moatte homo's trouwe'

15 feb 2007 - 20:04

Boargemaster Dales fan Ljouwert fynt dat amtners homopearen trouwe moatte. Neffens it nije regearakkoart hoecht dat net, as se gewissebeswieren ha. Dales is benaud dat amtners aanst miskien ek wegerje sille bygelyks moslims en net-moslims mei elkoar yn de echt te ferbinen. Hy fynt dat je amtners yn har wurk net de romte jaan moatte foar har eigen opfettings.

Yn 2001 wie der in konflikt mei in amtner dy't gjin homo's trouwe woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)