Amtners moatte biologysk ite

05 apr 2001 - 00:00

GrienLinks yn Harns wol dat it gemeentepersoniel tenei allinnich noch mar biologyske produkten brûkt. De riedsleden hawwe in brief stjoerd oan it gemeentebestjoer.

Oanlieding is in advertinsje yn de krante. Dêryn ropt de gemeente boargers op mear omtinken te jaan oan it miljeu. GrienLinks fynt dat de gemeente dan sels it goede foarbyld jaan moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)