Amtners Menameradiel nei Dronryp

22 apr 2003 - 00:00

In part fan de gemeente-amtners fan Menameradiel ferhuzet meikoarten nei Dronryp. De ôfdieling sosjale saken wurdt ûnderbrocht yn twa keamers fan de serviceflat Drenningahof.

Ek de klanten fan de sosjale tsjinst sille dêr dan hinne moatte. It giet om in tydlike ferhuzing fanwege de bou fan it nije gemeentehûs yn Menaam. Dêrfoar moat it âlde gebou earst sloopt wurde. Om alle amtners ûnderdak te jaan, wurde in pear needgebouwen pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)