Amtners Ljouwert tsjin koartsjen

27 nov 2003 - 00:00

Mei in ludike aksje ha amtners fan de gemeente Ljouwert woansdei oanjûn dat se tsjin de besunigingen binne. De ried wol nochris tonnen ekstra koartsje op de organisaasje. Mei elkoar moatte amtners 2,8 miljoen euro ynleverje.

De foarsitter en fise-foarsitter fan de ûndernimmingsried kamen ferklaaid as Swarte Pyt by de gearkomste. Se dielden sabeare kado's út en hienen rymkes makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)