Amtners litte homo's wachtsje

18 apr 2007 - 16:04
  • Gjin nocht of gjin tiid....?
  • De stuollen bleaunen leech

It homoplatfoarm Fryslân hie woansdei in grutte teloarstelling te ferwurkjen. De organisaasje hie alle 160 Fryske trouamtners útnoege yn it Frysk Museum. Der kaam lykwols net ien. It platfoarm hie de amtners útnoege om in útstalling te besjen oer homo's yn de oarloch.

Yn Fryslân binne sa'n 160 trouamtners. Fjouwer fan har wegerje homo's te trouwen. In tal gemeenten hat witte litten gjin útnoeging sjoen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)