Amtners krije iten fan Talant

16 nov 2003 - 00:00

Ferstanlik handikapten bliuwe oan it wurk foar de kantine fan it gemeentehûs fan Dantumadiel. Sûnt in jier krije de amtners fan Dantumadiel it waarme miel en de snacks út it restaurant fan Talant yn Dokkum.

Nei evaluaasje is fêststeld dat beide partijen tefreden binne oer de gong fan saken. De klanten binne tefreden oer it assortimint, de kwaliteit en de prizen. Tongersdei wurdt yn Damwâld in oerienkomst tekene oer it ferfolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)