Amtners B'him jouwe útlis

25 feb 2009 - 10:08
  • De lêste riedsgearkomste tiisdei mei it âlde kolleezje

Amtners fan de gemeente Boarnsterhim jouwe 3 maart in taljochting op de minne finansjele situaasje fan de gemeente. Dat bart yn in iepenbiere byienkomst yn it gemeentehûs.

Ferline wike tsjinnen B en W fan Boarnsterhim har ûntslach yn fanwege de minne finânsjes. Dat ûntslach waard tiisdei akseptearre troch de ried. De gemeenteried soe doe al in taljochting krije op de minne finansjele situaasje, mar it âlde kolleezje sjocht dat net mear as syn taak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)