'Amtner wie perfeksjonistysk'

03 maaie 2013 - 15:37
  • Hayo Apotheker

It sjoemeljen mei de kontrakten foar de nije wenwyk Houkepoort yn Snits troch in amtner fan de gemeente, wie miskien wol in mispleatste foarm fan perfektsjonisme om de wyk moaier te meitsjen. Dat seit boargemaster Apotheker fan SWF yn reaksje op it ûndersyk fan justysje. Freed waard bekend dat de gemeente-amtner foar de rjochter komme moat.

De man ferhege it bedrach op it kontrakt mei de oannimmer op eigen manneboet fan 7,5 nei 14 miljoen. De konklúzje fan it IM is dat de oannimmer der net better fan wurden is en de amtner sels ek net.

Apotheker slút net út dat hy letter nochris yn petear giet mei de ûntsleine amtner om efter syn motivaasje te kommen. Apotheker fynt it hiel belangryk dat it IM konkludearret dat der gjin oare amnters by it gesjoemel mei de kontrakten belutsen wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)