Amtner oerwage selsmoard

16 apr 2013 - 14:03
  • Jantina Pool

In grutte groep amtners en âld-amtners fan de gemeente Smellingerlân ferwyt de gemeente machtsmisbrûk en it yn stân hâlden fan in eangstkultuer. De direksje fan de gemeente en ferskate ôfdielingshaden sette neffens har minsken ûnder druk, se narje har en treiterje har. Minsken dy't siik binne, haw de grutste muoite om te reyntegrearen op har eigen wurkplak. Minsken dy't wat sizze, bygelyks oer prosedueres dy't net goed ferrinne, komme yn de problemen. Dat oerkaam de no 47-jierrige Jantina Pool, tusken 1999 en 2010 yn tsjinst fan de gemeente.

Frou Pool kaam yn 2009 yn de problemen neidat se beswier makke hie tsjin de proseduere foar in fakatuere op har ôfdieling. Yn it jier dat dêrnei waard se sa bot ûnder druk set, dat se oerwage in ein oan har libben te meitsjen. In beswierkommisje spruts út dat de klachten oer har situaasje terjochte wiene. Nettsjinsteande dat waard frou Pool mids 2010 ûntslein fanwege ûnbekwaamheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)