Amtner fertocht fan stalking

29 sep 2004 - 13:01

In 42-jierrige meiwurker fan de gemeente Ljouwert wurdt fertocht fan stalking. De man soe trije froulju lestich fallen ha mei e-mails. Sy melden har by de fertrouwenspersoan fan de gemeente en har sjefs.

Dêrop is de gemeente mei de plysje in ûndersyk begûn. Dêrút die bliken dat de man de e-mails ferstjoerde fanôf de kompjûter op syn wurkplak. De man hat sels ûntslach naam. It Iepenbier Ministearje hat de saak no yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)