Amtner Drachten wie wol echt

24 jul 2009 - 14:08

De man dy't tongersdei by ferskate ynwenners fan Drachten in ynspeksje die, wie wól yn tsjinst fan de gemeente. Dat seit in wurdfierder fan Smellingerlân. De man wie tongersdei yn de J.M. Houwenstrjitte mei it ferhaal dat er op ynspeksje kaam foar de ferfanging fan de septic tank. Hy makke foto's en beseach it hûs. Neidat er fuort wie, skeakele de bewenster de plysje yn omdat se it net fertroude.

De gemeente wie fergetten de ynspeksje by de bewenners oan te kundigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)