"Amtlike fúzje gemeenten Noardeast-Fryslân moat trochgean"

01 apr 2016 - 17:51
  • It gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel

It foarmjen fan ien amtlike organisaasje foar de fjouwer gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân moat foaral trochgean. Dat fine de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan de belutsen gemeenten.

Freed ha sy meielkoar om tafel sitten om te praten oer de stân fan saken rûn de weryndieling fan Noardeast-Fryslân. Dy is wat yngewikkelder wurden neidat de gemeenteried fan Dantumadiel tiisdeitejûn tsjin in folsleine gemeentlike fúzje stimde mei de oare trije gemeenten.

Jild

Dy trije gemeenten sette de gemeentlike fúzje wol troch, wylst Dantumadiel allinnich meidocht oan it meitsjen fan ien amtlike organisaasje. Twa fan de fjouwer gemeenterieden hawwe dêrfoar ek al jild reservearre; twa oaren wêrûnder Dantumadiel beslute dêr ynkoarten noch oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)