Ampullen fûn op Noordvaarder

10 aug 2011 - 15:17
  • De Noordvaarder op Skylge

Op it strân fan de Noardvaarder op Skylge is tiisdei in ampul fûn, dêr't mooglik kalsiumkarbide - ek wol bekend as karbid - yn sit. Dy stof is earder fûn yn ampullen oan de Noardseekust by Noard- en Súdhollân. Kalsiumkarbide kin ûntploffe as it yn oanrekking komt mei wetter. It advys oan minsken op it strân is dan om de ampullen lizze te litten, en Rykswettersteat of de plysje te warskôgjen.

Ek op Flylân en it Amelân wurdt nei ampullen socht. Op Flylân is neat fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)