Amper klanten foar pindelbus

10 apr 2012 - 16:00

Forenzen yn Ljouwert meitsje amper gebrûk fan de pindelbus dy't op wurkdagen yn de spits rydt tusken it parkearterrein Himriksein by de Wâldwei en de grutte bedriuwen en ynstellings yn en by de Ljouwerter binnenstêd.

Sûnt jannewaris kinne forenzen fergees op it parkearterrein har auto delsette om dêrnei mei de pindelbus nei it wurk brocht te wurden. Yn Ljouwert wurdt op tal fan plakken oan de dyk wurke. Om in soad oerlêst foar te kommen is it pindelbusprojekt opset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)