Amper gefaarlik ôffal op stoart

17 mrt 2004 - 00:00

Op it stoart oan de Drachtsterfeart yn Drachten leit amper gefaarlik ôffal. Om't de gemeente it stoart saneare wol foar wentebou en it ôffal brûke wol foar de oanlis fan in lûdswâl, wie in Miljeu Effekt Rapportaazje (MER) nedich.

De Ried fan Steate hie troch de easken fan in MER de oanlis fan de wâl opkeard mar troch dizze útkomst stiet no it ljocht op grien. Op 6 april komt noch in harksitting fan de provinsje. Dan kinne noch beswieren yntsjinne wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)