Amper animo Ronald McDonaldhûs

11 okt 2005 - 21:23

It tal minsken dat oernachtet yn it Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert falt bot ôf. Yn trochsneed stiet it foar 70 prosint leech. Yn it hûs op it terrein fan it MCL kinne âlden sliepe fan bern dy't yn it sikehûs opnommen binne.

In soad âlden tinke dat se der allinne gebrûk fan meitsje kinne as har bern slim siik is. Troch it ôffallende tal brûkers giet de bou fan in Ronald McDonaldhûs yn Beetstersweach nei alle gedachten foarearst net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)