Amper animo foar NIX-feest

27 jun 2014 - 23:16
  • Amper animo foar NIX-feest

Yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is freedtejûn in saneamd Nixfeest organisearre. Dat is in feest dêr't gjin alkohol ferkocht wurdt. Sûnt begjin dit jier is de leeftiidsgrins foar de ferkeap fan alkohol ferhege nei achttjin jier.

It neidiel dêrfan is dat jongeren fan 16 en 17 jier yn it wykein net mear op stap kinne. Marjan IJben kaam dêrom mei it idee om spesjaal foar dizze groep jongeren in feest te organisearjen. It feest wie net in grut súkses, omdat de opkomst leech wie.

De organisaasje hat it feest dêrom earder as de eintiid ôfblaasd. Op dit stuit is it dêrom noch net dúdlik oft der in nij feest komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)