Amper animo fúzje NW-Fryslân

07 mrt 2012 - 09:36

De ynwenners fan Littenseradiel lykje net folle te fielen foar in fúzje mei gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Dat die tiisdeitejûn bliken op in diskusjebyienkomst yn Wommels. De gemeente moat in reaksje jaan op it rapport fan de provinsje oer de bestjoerlike ynrjochting fan Noard-Fryslân. De provinsje stelt dat Littenseradiel opgean moat yn in grutte gemeente, mei Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)