Ammoniakkaart noch net oanpast

26 mrt 2003 - 00:00

De provinsje past de grinzen fan de provinsjale ammoniakkaart noch net oan. Earst wol de provinsje it advys fan minister Veerman fan Lânbou ôfwachtsje. Ek rint yn de Twadde Keamer noch de ôfhanneling fan in moasje op de Wet Ammoniak en Feehâlderij.

Troch de nije wetjouwing komme der in tal boerebedriuwen op slot te stean. Mei fleksibele sônes kin dat tal beheind wurde. Minister Veerman soe foarstanner wêze fan sokke sônes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)