Amersfoortse bern op pleatsen

20 sep 2006 - 14:51

Tredde klasse-learlingen fan in skoalle foar VMBO, Havo en Atheneum yn Amersfoort binne dizze wike op besite by gastgesinnen op buorkerijen yn acht ferskate gemeenten yn Fryslân.

It giet yn totaal om 225 learlingen. Doel is om learlingen bewust te meitsjen fan it libben en wurkjen op de buorkerij en it plattelân. De bern wiene woansdeitemoarn te gast op in melkfeehâlderij yn Makkingea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)