Amerikanen yn Fryslân

17 apr 2014 - 08:21

Acht Amerikaanske learlingen fan de Rensselaer High School út New York binne tsien dagen yn Fryslân om te sjen hoe't it libben hjir is. De Amerikanen binne hjir fanwege in útwikselingsprojekt mei it Bornego College op It Hearrenfean.

Yn tsien dagen tiid dogge de Fryske en Amerikaanske learlingen ferskate dingen, lykas waadrinnen op Teksel en in besite oan it Anne Frank Hûs yn Amsterdam. Fierders sille de Amerikanen gastlessen jaan oan Fryske learlingen om te fertellen oer bygelyks it ûnderwiis en sport yn Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)