Amerikanen sykje Fryske roots

27 apr 2014 - 17:44
  • Amerikaanske flage

Amerikaanske Friezen binne op dit stuit yn Fryslân om op 'e siik te gean nei harren ôfkomst. De reis fan de Amerikanen wurdt ek sjoen as in pilot foar it saneamde 'Roots-toerisme projekt' yn oanrin nei Kulturele Haadstêd 2018.

Yn de 19e en 20ste ieu hawwe in soad Friezen it heitelân ferlitten om op in oar plak op de wrâld in bestean op te bouwen. De neikommelingen wolle alles witte oer harren foarâlden en woartels.

By Tresoar krije de Amerikanen tagong ta de argiven. Ek wurdt sjoen hoe't de plakken der't de minsken fan oarsprong weikomme in rol spylje kinne by de reis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)