Amerikanen op fleanbasis oefenje mei tolve F15's

03 apr 2015 - 11:40
  • De Amerikaanske F15's op de Ljouwerter fleanbasis
  • De Amerikaanske generaal Vollmecke op de Ljouwerter fleanbasis

De Amerikaanske oanwêzigens op de fleanbasis yn Ljouwert hat neat te krijen mei de tanommen spanning tusken Ruslân en de NAVO. Dat seit generaal Vollmecke fan it Amerikaanske detasjemint op Ljouwert. Neffens him is it in unike kâns om mei-inoar te oefenjen. Amearika docht dat mei tolve F15 gefjochtsfleantugen.

Njonken de training mei de Nederlânske F16's dogge se ek mei oan de oefening Frisian Flag. Dy set op 12 april útein op de fleanbasis Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)